Toanielferiening Harmonie yn Boazum fiert 125-jierrich bestean mei jubileumfeest

‘It giet om gesellichheid. Nei de repetysjes net daliks nei hûs’

Boazum – ,,De belangrykste funksje fan de toanielferiening is der foar te soargjen dat de minsken in moaie jûn hawwe. It is in jûntsje út. Earst toaniel en dan muzyk.” Oan it wurd is Germ Stekenes. Hy is foarsitter fan de toanielferiening Harmonie yn Boazum. De Boazumer toanielferiening jubilearret. It is 125 jier lyn, dat de Harmonie oprjochte waard. Kommende sneon is de jubileumfiering.

Troch Hinne Bokma

Toanielspylje dogge se yn Boazum al langer dan 125 jier. Ut advertinsjes yn de Ljouwerter krante fan 22 desimber 1871 en fan 16 febrewaris 1872 docht bliken, dat der yn Boazum útfieringen binne fan it resitearkolleezje Aurora. De útfierings binne yn de seal fan Meinte Oosterhout. Beide kearen wie de tagongspriis 49 sinten.
Neffens Philippus Breuker, dy’t yn de jierren santich en tachtich fan de foarige ieu ûndersyk dien hat nei de skiednis fan de toanielferiening yn Boazum, hat it resitearkolleezje yn 1885 net mear bestien. Yn dat jier waard op inisjatyf fan it haad fan de iepenbiere skoalle, master Sybrand van der Steegh, yn Boazum in fergadering útskreaun om te kommen ta de oprjochting fan in toanielferiening. De earste opfiering wie op 20 maart fan dat jier. De feriening telde doe fjirtjin wurkjende leden: njoggen froulju en fiif manlju. De earste jierren bleaun it tal leden stabyl. Yn 1892 wiene it der trettjin. Dêrneist wiene der 21 saneamde ‘kunstlievende’ leden en stipers.

Reglemint

It reglemint bestie út 34 bepalingen. Elk jier waarden der twa foarstellings jûn: ien yn novimber en ien yn febrewaris. Leden mochten net jonger wêze dan santjin jier. It ynlisjild wie twa gûne (0,91 euro) en foar twa kwartsjes (22,6 eurosinten) moast in reglemint en ynsynje kocht wurde, dy’t by betankjen wer ynlevere wurde moasten. It âld-lid krige dan de twa kwartsjes werom.

De kontribúsje wie 75 sinten (34 eurosinten) yn it jier. Mar foar elke repetysje krige it lid fyftjin sinten fergoeding. It lid koe ek mei sanksjes te meitsjen krije. Wa’t net op de ledegearkosmte kaam moast twa kwartsjes boete betelke en wa’t te let kaam krige in boete fan fiif sinten.

Breuker wist yn 1985, doe’t de toanielferiening hûndert jier bestie, yn besit te kommen fan inkele programma’s út de earste jierren fan de Harminie. Se wurde binne te finen yn de bibleteek fan de universiteit yn Amsterdam, dêr’t de neilittenskip fan Sjirk Linzes van der Burg bewarre wurdt. Van der Burg wie oan de ein fan de njoggentjende ieu kandidaat op it kantoor fan notaris S. Haagsma yn Boazum. Op it programma fan 1889 stiet dat der 76 kaartsjes fan twa kwartsjes ferkocht binne. Net sa folle, as men wit dat dat der yn 1890 yn Boazum 742 minsken wennen. De grifformearden gongen net nei it doarpstoaniel.
Tiden hawwe tiden. It reglemint fan doe jildt no net mear en tsjerkelju besykje no de toanieljûnen. Dochs binne der by foarsitter Stekenes wol soargen oer de takomst. ,,It wurdt hieltiten dreger om it fol te hâlden. We hawwe by de útfiering in knap sealtsje fol minsken, mar it binne in protte grize kopkes. De jeugd fynt it wol bêst”, sa seit foarsitter Stenekes fan de Harmonie.

Master Zantema

Net allinne de publike belangstelling stiet ûnder druk, ek de animo fan ynwenners fan Boazum om op it toaniel te stean, rint wat werom. Benammen mannen litte it de lêste jierren ôfwitte, sa fertelt de foarsitter. Hy tinkt mei niget werom oan de tiid fan master Zantema. Hy wie regisseur, spile mei en wie karmaster fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân. ,,Hy wie de grutte animator. Hy hat it toaniel yn Boazum nei in heger nivo brocht.”, seit Stenekes. It wie ek de tiid, dat spilers fan Boazum trochstreamden nei it iepenloftspul yn Jorwert. Sa spilen Sjoerd en Germ Stenekes en Wisse en Klaas Zantema yn de notaristún yn Jorwert. De toanielploech út Boazum gong yn jierren tachtich winterdeis in kear of seis fuort te spyljen.
Dat is der no net mear by. It hâldt op by de útfieringen yn it eigen doarp. Toanielman Stenekes giet der net fan út dat de Harmonie syn lêste jubileum fierd. ,,Der binne wol soargen.” By toanielspylje giet it ek om de gesellichheid. ,,Nei de repetysjes net daliks nei hûs. Efkes oan de stamtafel sitte. Dan belibje je it stik noch in kear en it smyt nije ideeën op.”

Ienakter, sjongspul en eksposysje

De Harmonie yn Boazum fiert it jubileum kommende sneon 27 novimber mei in ienakter en in sjongspul. De ienakter, skreaun troch Bonne Stienstra, hat as titel ‘De audysje’ meikrigen en wurdt opfierd yn de pleats fan Hylke en Pjirkje Postma. It sjongspul, dat ûnder lieding fan Sjoukje Scheltema opfierd wurdt, wurdt holden yn de tsjerke. De ferskes binne fan Rindert van der Eems en Germ Stenekes. Yn de tsjerke is ek in eksposysje oer it 125-jierrich bestean fan De Harmonie. Middeis is der in resepsje yn de Boazumer Mjitte.